Leenstra wint 1.000 meter by wrâldbekerfinales yn Minsk

Marrit Leenstra hat by de wrâldbekerfinales yn Wyt-Ruslân de 1.000 meter op har namme skreaun. De reedrydster út Wikel wie mei in tiid fan 1.15.82, in nij baanrekôr, yn Minsk de rapste. Yn it wrâldbekerklassemint waard Leenstra twadde.


Lês mear oer:

Bron: Omrop Fryslan